Gjin misdriuw deade Westereen
De deade frou dy't tongersdei yn in wenning oan de Boskwei yn De Westereen fûn waard, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje. Dy wie freed de hiele dei dwaande mei it ûndersyk yn de wenning wer't de 25-jierrige frou fûn waard.