'Fryske hoareka docht it goed'

14 aug 2014 - 14:29

De ekonomy yn ús lân is yn it twadde fearnsjier mei in heal prosint groeid yn fergelyk mei it earste kwartaal fan dit jier. Dat meldt it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) op basis fan foarlopige sifers. De groei sit him benammen yn de eksport fan masines en lânbouprodukten.

Ek it konsumintefertrouwen groeit, konkludearret it CBS. Dat is te sjen oan de útjeften yn de hoareka en benammen de detailhannel. Yn Fryslân falt op dat foaral de hoareka- en rekreaasjesektor it goed dogge.

Trefwurden: 
hoareka CBS Fryske ekonomy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)