Heit boatûngelok net ferfolge

14 aug 2014 - 14:12

De heit dy't ôfrûne wike freed in ûngelok feroarsake op de Hegemer Mar wurdt net ferfolge. By it ûngelok rekken twa jonges fan 12 en 16 jier út Scherpenzeel ferwûne.

De beide jonges sieten op in rubberen bân dy't sleept waard troch in speedboat bestjoerd troch de heit fan ien fan de jonges. By in bocht skatte de heit de situaasje ferkeard yn, wêrnei't de bân mei hege faasje op in boat botste dy't stil yn it wetter lei. De 12-jierrige waard mei in traumahelikopter nei Grins brocht, mar is yntusken wer thús.

De KLPD hat ûndersyk dien en is ta de konklúzje kaam dat it ûngelok in ynskattingsflater wie en dat ferfolging gjin doel hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)