IM giet fierder mei ûndersyk

14 aug 2014 - 11:52

It Iepenbier Ministearje giet fierder mei it ûndersyk nei de tadracht fan de oanriding yn Sint Nyk. Dêrby rekke de 14-jierrige Ronald Huizenga swier ferwûne. De frou bliuwt fertochte fan poging ta deaslach. Dat seit Corien Fahner fan it Iepenbier Ministearje yn reaksje op de útspraak fan de rjochter-kommissaris. Dy besleat om de frou frij te litten om't der net genôch bewiis is foar opset by de oanriding.

It Iepenbier Ministearje tekenet gjin berop oan. Neffens Faber is it hiel gewoan dat fertochten harren saak yn frijheid ôfwachtsje meie.

Doarpsbelang fan Sint Nyk hâldt de situaasje goed yn de gaten no't de frou frij komt. Dat seit Egbert de Jong fan doarpsbelang yn in reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)