De Wier Oerterp bliuwt iepen

It fallite multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp bliuwt iepen. De gemeente Opsterlân hat foar it kommende healjier in behearder oansteld. Ek betellet de gemeente foar ien kear tritichtûzen euro oan de kurator.
Opsterlân wie al eigener fan it multyfunksionele sintrum, mar hie de eksploitaasje by in tredde partij dellein. Dy gong healwei july fallyt. De kommende perioade sil de gemeente wurkje oan in oplossing foar de lange termyn. De bedoeling is dat it doarp it behear sels regelje sil.