Swartbekgrondel yn Fryslân

Fryslân hat in nije fisksoart, de swartbekgrondel. Dizze fisk komt út it easten en wie earder al opdûkt yn de grutte rivieren. It wie dan ek in kwestje fan tiid foar't er Fryslân berikke soe. Fiskers binne net bliid mei syn komst, om't er oare fisken yt. Op guon plakken dêr't jild stutsen is yn it stimulearjen fan beskerme fisksoarten, docht bliken dat de swartbekgrondel dizze opfret.
De swartbekgrondel waard ûntdutsen troch John Melis fan Fryslân Grien. Hy is dwaande mei de fiskatlas en hat fiskers frege te registrearjen wat se fange.