Kinkhoast yn Fryslân falt ta

De GGD yn Fryslân is net benaud dat de kinkhoastútbraak yn Oerisel ek foar in soad syktegefallen soargje sil yn ús provinsje. Ut sifers fan de GGD docht bliken dat der yn Fryslân dit jier mar 24 minsken de besmetlike sykte krigen hawwe. Yn Oerisel binne dat mar leafst tsien kear safolle. Mear as 250 meldingen krige de GGD dêr oant no ta. Ek lanlik nimt it oantal gefallen ta.
Neffens Peter van der Tas fan de GGD Fryslân bart dat iens yn de trije jier en is it gjin reden foar ekstra maatregels.