Frou Sint Nyk komt frij

De frou dy't snein yn Sint Nyk mei opsetsin twa jonges oanriden hawwe soe, komt tongersdei frij. Dat seit har advokaat Tjalling van der Goot. Woansdei besleat de rjochtbank al dat it foararrest fan de frou net ferlingd hoechde te wurden.
It iepenbier ministearje woe dat de frou langer fêst sitten bleau, mar giet net yn berop tsjin de útspraak. De 57-jierrige frou bliuwt wol fertochte. By de oanriding sneintejûn ried de frou twa jonges fan 14 jier oan. Ien dêfan leit noch altyd mei slimme ferwûnings yn it sikehûs fan Grins.
Advokaat Tjalling van der Goot is bliid mei it beslút fan de rjochter-kommissaris. Syn kliïnte mei, sa as no liket, tongersdei wer werom nei Sint Nyk. Neffens Van der Goot hat it Iepenbier Ministearje in gefoelige tik krigen.