'Banen behâlde by Amarins'

Kurator Rick van der Spek fan it tiisdei fallyt ferklearre Amarins Kindercentra wol besykje om sa folle mooglik banen te behâlden op de 18 berneopfanglokaasjes en pjutteboarterssealen yn Noardeast-Fryslân. Berne-opfang Amarins is fallyt gien trochdat it tal âlden dat bern nei de opfang bringt, flink werom rûn is. Dêrtroch stagnearren ek de ynkomsten.
Kurator Van der Spek praat de kommende dagen mei partijen dy't Amarins of parten dêrfan mooglik oernimme wolle. Foarearst bliuwe de opfanglokaasjes gewoan iepen.
De 80 personielsleden fan Amarins wurde woansdeitejûn op in byienkomst ynformearre oer de stân fan saken en harren takomst.