Tsjûge mishannele fytser socht

© Anton Kappers
De plysje is op syk nei in frou dy't tsjûge west hat fan de mishanneling fan in 15-jierrige jonge út Easterwâlde. De mishanneling barde op 17 maart op de Grietmansleane. De jonge fytse op syn fyts, doe't der in reade Mitsubishi stoppe. De bestjoerder fan de auto stapte út en skopte de jonge sûnder wat te sizzen yn syn rêch. It slachtoffer foel fan syn fyts. De froulike tsjûge spruts de man oan, wêrnei't er útnaaide.
De plysje wol yn it ûndersyk nei dizze mishanneling graach yn kontakt komme mei dizze frou. Minsken kinne belje mei 0900-8844.