Undernimmers krije ambassadeur

De ûndernimmersferiening fan De Lemmer set tenei ambassadeurs yn om de kontakten mei de leden te ferbetterjen. Yn elke winkelstrjitte moat in fertsjinwurdiger fan de ûndernimmersferiening komme. Dêrmei wol de feriening it makliker meitsje foar leden om mei ideëen nei it bestjoer te gean. Dat seit foarsitter Bernadien de Waaij.
De ûndernimmersferiening fan De Lemmer komt twa kear yn it jier by mekoar op de ledefergadering. Mar tuskentroch spylje der ek in soad saken. Dêr wol de feriening no op ynspylje.