Feanwâldster fêst foar helen

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 45-jierrige man fan Ravenswâld hat syn stellen rubberboat sels op in ferkeapwebside weromfûn. De man seach dat syn boat, dy't op 14 july stellen waard, te keap oanbean waard yn Feanwâlden. Hy makke in ôfspraak mei de 20-jierrige ferkeaper. Dy sei dat er de boat trije jier lyn kocht hie yn Drachten.
De eigener warskôge de plysje, dy't de ferkeaper oanhold. De Feanwâldster bekende dat er de boat fan in kunde kocht hie. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal foar helen opmakke. De plysje ûndersiket de saak en slút mear oanhâldings net út.