Nije tsjûgen ûngelok Sint Nyk

© ANP
Fjouwer nije tsjûgen hawwe harren by de plysje melden yn ferbân mei de oanriding yn Sint Nyk sneintejûn. De plysje die moandei in oprop oan minsken dy't wat sjoen hienen om har te melden. Oft de nije tsjûgen al heard binne, koe de plysje noch net sizze.
By de oanriding ried in 57-jierrige frou sneintejûn op twa 14-jierrige jonges yn. Ien fan de slachtoffers rûn dêrby slim holleletsel op en leit noch altyd yn it sikehûs yn Grins. Ut in bloedproef hat bliken dien dat de fertochte gjin alkohol dronken hie.