Botulisme noch altyd net wis

Botulisme yn it wetter © ANP
It is noch altyd net dúdlik oft in deade ein, dy't by De Broek-Noard fûn is, botulisme hat. De gemeente De Fryske Marren hat it bist ûndersykje litten, mar dêr is gjin dúdlike útslach út kaam. Nei oanlieding fan de fynst rette de gemeente minsken ôf te swimmen yn it wetter by it doarp.
Dat advys bliuwt foarearst fan krêft. De gemeente freget minsken dy't fertochte deade bisten lizzen sjogge, dat te melden by de gemeente. Minsken moatte de bisten net sels oanreitsje.