Snorfytster (30) dûbel beboete

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanholden op har snorfyts foar it riden mei drank op. Plysjes setten de frou op de Wortelhaven oan de kant fan de dyk. Se hie net allinnich drank op, mar ried ek sûnder rydbewiis. Der is foar beide oertredings proses-ferbaal opmakke. De frou krige ek in rydferbod fan seis oeren oplein.