Fallende stjerren goed te sjen

13 aug 2014 - 07:26

Elk jier om dizze tiid hinne binne der hûnderten fallende stjerren te sjen. De stjerrewacht fan Burgum hie dêrom tiisdeitejûn de doarren iepen foar it publyk. Der kamen 23 minsken nei de stjerrewacht om te genietsjen fan de stjerrerein.

It wie noch efkes spannend oft de fallende stjerren wol te sjen wêze soenen fanwege de bewolking. Mar yn de rin fan de jûn bruts de loft iepen en wienen de stjerren goed te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)