Jonge brânstofdieven pakt

13 aug 2014 - 06:32
Eeserve tank - Foto: Omrop Fryslân

De plysje op De Jouwer hat tiisdei twa jonges fan 11 en 18 jier út Zwolle oanholden foar it stellen fan in brânstoftank út in boatsje. Ut ûndersyk die bliken dat it net de earste kear wie dat de beide jonges harren hjir mei dwaande holden.

De 18-jierrige dief moat him foar de rjochter ferantwurdzje. Foar de jongste jonge is in saneamde soarchmelding dien.

(advertinsje)
(advertinsje)