Betiid begjin seizoen KCH

12 aug 2014 - 21:12

De Kunstrij Club Heerenveen begjint dit jier in fjouwer wike earder mei it trainingsseizoen. Takom jier wurdt Thialf ferboud en dêrtroch leit der fan healwei febrewaris ôf gjin iis mear yn it stadion. De feriening moat dan útwike nei de iishockeybaan.

Tiisdei is de Kunstrij Club begûn mei in fjouwerdaags reedrydkamp mei gasttrainer Kevin van der Perren. Hy is in ferneamd keunstreedrider út België, dy't sawol op Europeeske kampioenskippen as op de Olympyske Spelen yn Vancouver goede resultaten delsetten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)