Fryske objekten op nije segels

12 aug 2014 - 15:26

It Woudagemaal by De Lemmer en de Waadsee steane op de nije postsegels fan PostNL. De segels meitsje diel út fan de nije kolleksje oer it Unesco Wrâlderfgoed yn Nederlân. Der binne yn totaal njoggen segels útbrocht, dy't fan tiisdei ôf te keap binne.

PostNL hat de nije kolleksje gearstald yn gearwurking mei de stifting Werelderfgoed.nl en de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)