De Jong wol Eenrum winne

Jannick de Jong, gersbaankoereur fan De Gordyk, giet oan de lieding yn de striid om de wrâldtitel gersbaan. De twafâldich Europeesk kampioen wûn de earste twa wedstriden yn de WK searje. De Jong hat no in foarsprong fan fiif punten op de Dútser Erik Riss en njoggen op de Frânsman Mathieu Tresarrieu. Fjouwerfâldich wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân hat tsien punten minder. Snein is de tredde wedstriid yn it Grinzer Eenrum. Yn eigen lân ride op dy moaie baan mei in protte fans oan 'e kant moaier kin net. En lokkich gjin blessuere mear.
Nei Eenrum komme der noch twa wedstriden. Yn septimber wurdt der noch riden yn Frankryk en Dútslân.