Plysje hellet man fan spoar
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in spoarrinner bekeurd. De 30-jierrige man út Ljouwert rûn by it NS-stasjon oer en lâns it spoar.
De plysje helle de man fan it spoar en slingere him op de bon. Werom de man oer it spoar rûn, is net bekend.