Timmerdoarp soarget foar wille

Op ferskate plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt dizze wike hiel wat ôf timmere. Yn dizze lêste wike fan de skoalfakânsje binne bern aktyf yn saneamde timmerdoarpen. Bern mei âlden yn de bystân kinne fergees meidwaan. Buertsportcoaches en in pleatslike boumerk soargje foar de nedige stipe.
Riedslid Baukje Miedema iepene tiisdei it timmerdoarp op it bûtenterrein fan swimbad Vitaloo yn Boalsert. Neffens har binne de inisjativen tige belangryk foar de gemeente.