Wurkleazeprojekt by Cambuur

12 aug 2014 - 12:50

In groep wurkleaze jongeren út Opsterlân folget op it stuit in sportyf yntegraasjeprojekt dat fersoarge wurdt troch Sportklup Cambuur. Mei in aktyf sportprogramma besykje âld-spilers René van Rijswijk en Lody Roembiak de dielnimmers fitter te meitsjen en struktuer yn har libben te jaan. Uteinlike doel is dat se wer yn aksje komme om in baan te finen.

De aktiviteiten fan it projekt Warming up! wurde dien op de fjilden fan fuotbalferiening VV Gordyk en yn it Cambuurstadion yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)