Tastân St Nykster noch krityk

12 aug 2014 - 12:20

De tastân fan de jonge út Sint Nyk dy't sneintejûn mei opsetsin oanriden is troch in frou út datselde plak is noch net feroare. De jonge wurdt noch hieltyd yn koma hâlden en syn tastân bliuwt krityk. It ûndersyk nei de hiele saak is yn folle gong. De plysje wol dêr noch neat oer sizze.

Wol docht no bliken dat de hûn fan de frou al earder foar problemen soarge hat. Ynwenners fan it doarp wiene benaud foar it bist dy't faak los by it hûs rûn. Ek krantebesoargers wiene benaud.

Der hat kontakt west mei doarpsbelang. Dy hat ek yn petear west mei de eigeners. Uteinlik hat dit petear neat opsmiten, want de hûn rûn noch hieltyd los. Der geane ferhalen dat de hûn narre waard troch jonges út Sint Nyk. Mar wat der no krekt bard is wêrtroch de frou achter de jonges oanfleach is noch net dúdlik.

De oprop fan de plysje foar tsjûgen hat fjouwer reaksjes opsmiten. De plysje sil ynkoarten kontakt sykje mei dizze minsken. Tjalling van der Goot fan it kantoar Anker en Anker út Ljouwert is de advokaat fan de frou. Hy wol foarearst noch neat sizze oer de saak.

Trefwurden: 
oanriding hûn Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)