Oerterper bedriget plysjes

12 aug 2014 - 10:18

In 59-jierrige Oerterper is moandeitejûn oanhâlden nei't er plysjes bedrige hie. De man moast noch in boete betelje. Doe't de plysje by him thús kaam om der mei de man oer te praten, woe hy net meiwurkje. De man bedrige de plysjes en pakte ien fan harren by de earm.

Hy is doe meinaam nei it plysjeburo. De man wegere in ferklearring te jaan. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)