Ferlies Jong SC Hearrenfean

11 aug 2014 - 22:10

Jong SC Hearrenfean is yn de beloftekompetysje striemin begûn. Tsjinstanner Jong NEC/FC Oss wûn mei 3-1 op Sportpark Skoatterwâld. De earste helte fan de thúsploech die sear oan 'e eagen en Jong NEC/FC Oss kaam dan ek op in 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte krigen de 'jonge' Feansters wol kânsen, mar Thomas Dalgaard, Yanic Wildschut en Pelle van Amersfoort fergriemden alles. It waard 3-0 foar Jong NEC/FC Oss, doe't Kenny Otigba in skot fan Varga ta doelpunt promovearre. Doe't Pascal Huser in strafskop miste wie it dien mei Jong Hearrenfean.

De opset fan de beloftekompetysje is dit seizoen wer feroare. Der binne fjouwer divyzjes. Jong Hearrenfean sit yn divyzje B en spilet oant de winterstop út en thús tsjin Jong NEC/FC Oss, Jong PEC Zwolle, Jong FC Almere City en Jong FC Grins. De boppeste twa fan eltse divyzje spylje nei de winter yn de kampioensdivyzje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)