Skea teater Snits falt ta

De skea oan Teater Snits falt ta. Ofrûne wykein wie der brân yn in needstroomfoarsjenning. Dy wie spontaan yn 'e brân flein. De brânwacht hie it fjoer gau út, al is der in soad reek by frijkaam.
Neffens Rik Smit fan it teater wurdt de grutste útdaging dy geur út it gebou te krijen. De brân hat gjin gefolgen foar it teaterseizoen.