Soad parkearboetes yn Ljouwert

11 aug 2014 - 19:29
Parkearskiif - Foto: ANP

Hânhaveners fan de gemeente Ljouwert hawwe yn july 93 boetes útdield oan automobilisten dy't de blauwe parkearskiif net (goed) brûkten. De kontrôles fûnen plak yn de wiken rûnom de binnenstêd. Dêr jildt in maksimum parkeartiid fan 2 oeren, mar guon automobilisten hâlde har dêr net oan.

Se brûke de skiif hielendal net, of draaie de parkearskiif troch as de tiid hast om is.

(advertinsje)
(advertinsje)