Ynternasjonale oefening F-16's

F16 © ANP
F-16's fan de fleanbasis Ljouwert traine fan tongersdei oant en mei 17 oktober boppe ferskate parten fan Nederlân. It giet om in ynternasjonale oefening, bedoeld om de piloaten bekend te meitsjen mei alle wapensystemen oan board fan it fleantúch. Piloaten wurde sa oplaat ta wapenynstrukteur.
Neist Nederlân dogge Denemarken, België, Portugal en Noarwegen mei oan de oefening. De F-16's sille ûnder oare doelen op de Vliehors op Flylân oanfalle. Derby wurdt echte en oefenmunysje brûkt.