Eardere soas Wommels ferkocht

De Igge, Wommels © Google Street View
De eardere jongereinsoas De Igge yn Wommels hat in nije eigener. It gebou yn it sintrum fan it doarp waard net mear brûkt as soas en stie leech. Sûnt dit jier wie de gemeente Littenseradiel eigener, mar it stie te keap foar 100.000 euro.
Der wie in soad belangstelling foar. De nije eigener wol fan it gebou in wenning meitsje. It bestimmingsplan moat hjirfoar oanpast wurde.