Sint Nyk yn ban fan oanriding

11 aug 2014 - 12:24

De oanriding fan de twa jonges fan 14 jier yn Sint Nyk is it gesprek fan de dei yn it doarp. Minsken binne oandien troch wat der snein gebeurd is. In 57-jierrige frou ried op de jonges yn. Ien fan de slachtoffers hat slim holleletsel oprûn en leit yn it sikehûs yn Grins. Hy is snein opereard. Neffens syn famylje is syn tastân noch krityk. Dit is ek de grutte soarch fan de doarpsbewenners.

Oanlieding foar de frou om achter de jonges oan te gean soe it narjen fan har hûnen wêze. Dit soe al in lang rinnend konflikt wêze.

It is noch net dúdlik oft de jonges dy't no oanriden binne ek de jonges binne dy't de hûnen narre ha. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
oanriding auto Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)