Motorrider yn Hidaard ferwûne

11 aug 2014 - 11:35

By in ûngelok op de Tjebbingadyk yn Hidaard is sneintemiddei in 31-jierrige motorrider út Burdaard ferwûne rekke. De man skrok doe't er wat op de dyk lizzen seach.

Hy besocht út te wiken mar ferlear dêrby de macht oer it stjoer en foel. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok motor Hidaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)