Asbest fûn yn Gerkeskleaster

© Gerwin de Vries/De Vries Media
Yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is asbest fûn. It giet om asbest yn in part fan it gebou dat net by de grutte brân fan twa wiken lyn belutsen wie. It asbest is fûn by it opknappen. It asbest moat ferwurke wurde.
Meiwurkers drage spesjale klean om harren te beskermjen. Om it terrein fan it fabryk hinne hingje linten om minsken te warskôgjen. Bûten it terrein is neffens in wurdfierder gjin gefaar.