Frou Sint Nyk ynriden op bern

11 aug 2014 - 05:57

De plysje hat sneintejûn in 57-jierrige frou út Sint Nyk oanhâlden. Se wie op it fytspaad tusken de Dobbeleane en de Tsjerkeleane yn it doarp mei opsetsin op twa jonges fan 14 jier ynriden. Ien fan de jonges rekke hjirby sa slim ferwûne dat er mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht is. De frou is nei it plysjeburo brocht, de auto fan de frou is yn beslach naam.

Neffens de plysje is der sprake fan in al langer slepend konflikt tusken de frou en de bern. Dy soene har hûn peste hawwe.

Dy soene har hûn peste hawwe. Buro Slachtofferhulp is ynskeakele foar de tsjûgen dy't it ûngelok sjoen ha. Ien fan de jonges is yntusken wer thús út it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)