Man sit fêst ûnder auto

10 aug 2014 - 13:58

Yn in parkeargaraazje fan in appartemintekompleks oan it Torenplein yn Surhústerfean is sneintemiddei in man ûnder in auto bedarre. De man wie oan it wurk oan de ûnderkant fan de auto. Nei alle gedachten sakke de krik ûnder de auto yn en kaam de man dêrtroch fêst te sitten. Dat seit wurdfierder Anne van der Meer fan de plysje.

Mei help fan brânwacht- en ambulânsepersoniel koe de man ûnder de auto wei helle wurde. De traumahelikopter wie oproppen, mar de man is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok en de identiteit fan de man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)