Kroechrûzje om fuotballeafde

10 aug 2014 - 11:55

In 20-jierrige Drachtster hat sneontenacht yn in hoarekasaak yn syn wenplak in 27-jierrige man út Grins slein. De twa hiene spul krigen oer twa rivaliserende fuotbalklups.

De man út Drachten dielde dêrop klappen út oan de Grinzer. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en moast nei dokter. Hy hat oanjefte dien. De fertochte is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
fuotbal Drachten rûzje Grinzer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)