Fûillearaksje yn Ljouwert

10 aug 2014 - 11:38
Fûillearje - Foto: ANP

De plysje hat sneontenacht trije wapens fûn by in previntive fûillearaksje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Meielkoar waarden 109 minsken en 17 auto's kontrolearre. In 25-jierrige frou út de gemeente Steenwijkerland hie twa bûsmessen by har. By in man fan 26 jier út Sint Anne waard in knipmes fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)