'Spoarbrêge is gjin dûkplanke'

10 aug 2014 - 11:24

De plysje hat de ôfrûne dagen klachten krigen oer jongeren dy't by it Prinses Margrietkanaal by Grou fan de spoarbrêge springe. De klachten kamen fan beropsskippers, wettersporters en personiel fan de spoarbrêge.

De plysje warskôget dat it libbensgefaarlik is om fan de brêge it PM-kanaal yn te springen. Der stiet in boete op fan 140 euro. De kommende perioade sil de plysje ekstra kontrolearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)