Jannick de Jong wint Challenge

10 aug 2014 - 11:06

Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneon de langbaan Challenge yn it Tsjechyske Marianske Lazne wûn. De Challenge wurdt gewoanwei oant de ein fan it seizoen riden, mar troch in skemawiziging wie dat no al betiid yn it seizoen. De ynset is heech, de top trije pleatst him foar it WK langbaan 2015. Jannick de Jong wûn de wedstriid foar syn Dútske kollega's Jörg Tebbe en Martin Smolinski. Theo Pijper einige krekt njonken it poadium op it fjirde plak. Dirk Fabriek waard mar alfde.

Yn de searje WK wedstriden fan 2014 giet Jannick de Jong oan de lieding. Kommende snein 17 augustus is de tredde wedstriid yn Nederlân. Yn Eenrum yn Grinslân komme de gersbaankoereurs oan de start. De top acht yn de einstân fan de fiif wedstriden om de WK titel 2014 pleatse har ek foar it WK 2015.

Trefwurden: 
gersbaan Jannick de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)