Stienzer mishannelet Snitser
In 19-jierrige man út Stiens hat ôfrûne nacht in Snitser fan 20 jier yn elkoar slein yn de Kruizebroederstrjitte yn Snits. De plysje krige in melding fan fjochterij. Op oanwizing fan tsjûgen koe de man út Stiens oanholden wurde. Hy hie de Snitser meardere klappen jûn. De fertochte sit fêst.