Snitser fernielt autorút
In 21-jierrige ynwenner fan De Pein is sneontenacht oppakt yn Snits, om't er in autorút fernield hie. De man kaam mei in tal freonen út de binnenstêd fan Snits. By de Wetterpoarte sloech de fertochte tsjin it rút fan in parkearre auto. De plysje seach dat en hold him oan. De man sit fêst op it buro.