Mear rêdingsaksjes troch KNRM

Rêdingsboat KNRM © Omrop Fryslân
De KNRM, de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij, moat dit jier folle faker yn aksje komme foar boatsjeminsken, dy't yn de problemen komme op it Waad. It giet oant no ta om 14 rêdingsaksjes fan de lokaasje Eemshaven út. Ferline jier om dizze tiid hinne wiene dat der acht.
De KNRM skriuwt de tanimming ta oan it waarme simmerwaar. Dêrtroch gean mear minsken de Waadsee op. Neffens de KNRM moat de echte pyk noch komme.