Bakkefeanster twa wiken fêst

10 aug 2014 - 10:18

In 43-jierrige man út Bakkefean is feroardield ta twa wiken sel, om't er ferline jier july yn Hoogezand besocht hie disel te stellen. De plysje betrape him midden yn de nacht op in bedriuweterrein. De fertochte hie jerrycans en in slang by him.

Dyselde simmer waard op ferskate lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte brânstof stellen út frachtweinen, dy't by bedriuwen parkearre stiene. It koe net bewiisd wurde dat de man dêr ek ferantwurdlik foar wie. Hy wie earder al feroardield foar in ynbraak yn Assen en winkelstellerij yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)