Man pakt foar ynbraak

10 aug 2014 - 10:06

De plysje hat freedtenacht yn in opslach fan in fiskferwurkingsbedriuw yn it Grinslanner Fjouwerhûs, in 43-jierrige man út Easterwâlde oanholden foar ynbraak. In befeiliger warskôge de plysje neidat er ien sjoen hie dy't neat op it terrein te sykjen hie. In plysjehûn krige de man te pakken. It bist biet him yn 'e hân.

De man hie him ferstoppe yn in kontainer. De fertochte wie fia in gat yn it dak binnen kaam. Yn syn auto fûn de plysje ynbrekkersark. Hy is yn de sel setten.

Trefwurden: 
ynbraak plysjehûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)