Van Althuis wint yn Dokkum

De haadklasse trochinoar lotterspartij yn Dokkum is sneontemiddei wûn troch Pieter van Althuis, Alle Jan Anema en Hans Wassenaar. Op it sportfjild fan de fuotbalferiening fan Dokkum wûn it partoer mei 5-3 en 6-4 fan Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Jan van der Velde en Daniël Iseger. De lytse preemje wie foar Michiel Scheepvaart, Haye Jan Nicolay en Cornelis Terpstra.