Drokte helptsjinsten op wetter
De helptsjinsten binne sneontemiddei drok mei wettersporters dy't troch de hurde wyn yn de problemen kaam binne. Op de Snitsermar en de Sleattemermar binne de helptsjinsten ferskate kearen yn aksje kaam foar boatsjes dy't omslein wiene. By Grou rûn in boat fêst op de basaltblokken oan de kant fan it wetter.