Gjin silerij finaledei IFKS

09 aug 2014 - 14:17

De finaledei fan de IFKS is ôfsein. Dat lit de organisaasje witte. It waar is de grutte spulbrekker. Sneontemoarn liet de organisaasje al witte dat de wedstriden fan de B,C en lytse A-klasse net trochgienen. It waait te hurd op de Lemster Baai. No giet dus ek de grutte A klasse net troch.

No't der net mear syld wurdt, betsjut dat de winner ek bekend is. Jelle Talsma út Warten stiet mei de Jonge Jan as heechste yn it klassemint en wint dêrmei de IFKS fan 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)