Rûzje Wergea rint út de hân

Plysje-embleem © ANP
In rûzje tusken twa buorlju yn Wergea is freedtejûn út de hân rûn. In 47-jierrige man stapte nei syn 48-jierrige buorman om te kleien oer lûdsoerlêst. De twa krigen doe spul. De 47-jierrige man krige klappen en rekke ferwûne oan de holle. Hy moast nei it sikehûs. De 48-jierrige man hat de nacht ek net thús trochbrocht, hy moast mei nei it plysjeburo.