Barman yn Snits krijt klappen

09 aug 2014 - 11:22
Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrige Harnzer is yn Snits oanhâlden, nei't er in barman slein hie. De barman seach dat twa mannlju yn it kafee rûzje hienen en woe it stel út mekoar helje. De 18-jierrige man sloech him fol yn it gesicht. Portiers hâlden de knaap oan en droegen him oer oan de plysje.

Trefwurden: 
Snits plysje klappen barman
(advertinsje)
(advertinsje)