50.000 besikers Wettervlecke

Blommen foar Sytze Dalstra © Wetterflecke
De 11-jierrige Sytze Dalstra út Surhústerfean wie freedtejûn de 50.000-ste besiker fan dit jier fan swimbad De Wettervlecke yn Surhústerfean. Sytze soe te diskoswimmen, mar waard ûnthelle mei applaus.
Ut hannen fan foarsitter Joop Numan krige Sytze blommen en in fergees abonnemint foar it kommende jier. Neffens it bestjoer litte de sifers sjen dat der grutte behoefte is oan it swimbad. De gemeente woe it swimbad earder slute, wernei't in feriening de eksploitaasje oernaam.